Grutte drokte fearboaten Harns

02 sep 2010 - 17:18

Dit wykein driget gaos by de fearboatterminal yn Harns. It is it op ien nei drokste wykein fan it jier mei hast 10.000 passazjiers dy't nei de eilannen geane. Op Skylge is it Rock en Roll wykein en op Flylân is it festival Into The Great Wide Open.

Rederij Doeksen makket him hjir grutte soargen omdat se mar ien oanlissteger brûke kinne, wylst Rykswettersteat beloofd hie dat alle twa klear wiene. RWS reparearret de fersakke daamwand by de kade, mar dat duorret langer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)