Grutte drokte by '058 helpt'

21 okt 2013 - 14:29
  • Facebook 058helpt058
  • Website 058helpt.nl

De aksje '058 helpt' foar de slachtoffers fan de grutte brân yn Ljouwert krijt in soad guod oanbean. Sûnt de start op snein hawwe de inisjatyfnimmers al 350 mailtsjes mei in oanbod fan húsried, kompjûters, klean en wenromte ûntfongen. 'Gjin rotsoai, der sitte hiel moaie spullen by', fertelt Marijke Roskam, ien fan de inisjatyfnimmers fan de aksje.

'058 helpt' ûntfangt op dit stuit alle oeren sa'n 25 donaasjes. Der is in list makke fan alle oanbiedings en dy is oerlange oan de gemeente, dy't it guod ferdiele sil.

'058 helpt' hat ek al kontakt hân mei in slachtoffer fan 'e brân, dy't al har guod en klean kwyt is. Dy hat wite litten dat se graach gebrûk meitsje wol fan '058 helpt'.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)