Grutte drankkontrôle yn Snits

15 des 2007 - 12:42

By in grutte alkoholkontrole yn Snits binne alve boetes útdield. Der waarden 1300 auto's kontrolearre. Yn earste ynstânsje waarden 14 minsken meinommen nei it plysjeburo foar in ademanalyze. Trije gongen doe noch frijút, mar de oaren hawwe in boete krigen.

Twa minsken hiene safolle dronken dat se it riidbewiis ynleverje moasten. In oare automobilist is oanhâlden omdat de plysje's in sterke wietlucht rûktem.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)