Grutte drankkontrôle

15 feb 2003 - 00:00

By in grutte alkoholkontrôle binne freed 38 minsken op 'e bon slingere. Goed 2600 ferkearsdielnimmers waarden oanhâlden, ûnder oare yn Ljouwert, It Hearrenfean, Snits en Dokkum. De kontrôles yn Fryslân wiene ûnderdiel fan in grutte lanlike aksje, dy't om 'e safolle tiid hâlden wurdt. Njonken boetes foar drankriden waarden ek bekeurings útdield foar riden sûnder ljocht of rydbewiis. Njoggentich plysjes diene mei oan 'e aksje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)