Grutte djipfrieskast foar Desimo

24 jun 2004 - 11:52

De grutste djipfrieskast fan it Noarden stiet yn Ljouwert. Kulinêr gruthannel Desimo BV hat de friesrûmte fan 1600 kante meter yn gebrûk nommen. Der is plak foar 1300 pallets.

De bou fan de nije friezer wie nedich om't it bedriuw groeit. Dat jildt foar alle sektoaren, fan de bakkerij oant de hoareka en it grutbedriuw. Desimo hat plannen foar noch mear útwreiding. In nij laadperron mei laaddoks soe der takom jier komme moatte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)