Grutte diken ridlik berydber

18 des 2009 - 06:12

Ferkear moat ek freedtemoarn noch rekken hâlde mei glêde diken. Op de measte sneldiken is de rjochter baan goed berydber. Rykswettersteat hat yn de measte gefallen op 'e oare rydbaan ek struid, mar it sâlt dêr moat noch ynriden wurde. Omdat der freeds altyd minder ferkear is, sil dat wat langer duorje.

Rykswettersteat warskôget der ek foar dat in tal op- en ôfritten fan sneldiken noch glêd wêze kinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)