Grutte brânwachtoefening

05 okt 2012 - 17:26

36 befelfierders fan de Fryske Brânwacht ha freed meidien oan in oefening dêr't se mei allegear sabeare ûngelokken en brannen konfrontearre waarden. Soks bart alle jierren. Der wurdt dan spesjaal oefene op saken dêr't de befelfierders net alle dagen mei te krijen ha, sa as grutte ûngelokken op in drokke fjouwerbaansdyk.

De oefening rûn trouwens fertraging op, fanwege in echt ûngelok, dêr't de kursisten mei te meitsjen krigen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)