Grutte brannen yn Fryslân troch needwaar

03 jul 2015 - 06:33

It needwaar hat tongersdeitenacht foar in soad skea soarge. De brânwacht wie drok mei brannen yn Bakkefean, Olterterp en Blesdike. Yn Olterterp hat brân west yn in pleats mei in grutte skuorre derneist. De brân wie yn it reiden dak fan de pleats.

In hûs mei in reiden dak oan de Fjildwei yn Blesdike gie ferlern. De brânwacht koe wol foarkomme dat oare huzen skea oprûnen. In agrarysk bedriuw yn Bakkefean rûn grutte skea op by in útslaande brân. Hjir is mooglik asbest frijkaam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)