Grutte brân yn lege stâl Molkwar

01 feb 2015 - 17:47

Op in plomfeebedriuw oan de Wymerts yn Molkwar is snein oan de ein fan de middei in leechsteande stâl folslein ôfbaarnd. De brân soarge foar in soad reekûntwikkeling. De brânwachtkorpsen fan Snits, Boalsert, Starum en Koudum hawwe holpen om it fjoer te bestriden. Sa koe foarkaam wurde dat it fjoer oersloech nei twa neistlizzende lege stallen. Om healwei sânen hinne waard it sein brân meester jûn.

By de brân binne gjin minsken of bisten ferwûne rekke. De plysje sil ûndersyk dwaan nei de krekte oarsaak fan de brân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)