Grutte brân yn leechsteande wenning Boerum

03 okt 2015 - 07:47

In grutte brân hat freedtenacht in leechsteande wenning oan de Herewei yn Boerum folslein fernield. Doe't de brânwacht kaam, wie der al sprake fan in útslaande brân. De brânwacht koe de pleats sels net mear rêde, mar koe foarkomme dat de brân oersloech nei oare gebouwen.

De wenning stie al jierren leech. De oarsaak fan de brân is noch net bekend.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)