Grutte brân yn it sintrum fan It Hearrenfean

19 jun 2015 - 13:04
  • De brân yn it wenhûs oan de Stasjonstrjitte
  • De flammen slaan út it dak fan it wenhûs

Op it Hearrenfean is freedtemoarn brân útbrutsen yn in wenhûs oan de Stasjonsstrjitte yn it sintrum fan It Hearrenfean. De flammen slaan út it dak fan it gebou. De brân is opskaald nei grutte brân, omdat de brânwacht op it stuit net genôch wetter hat om it fjoer te bestriden.

Der is grut wettertransport ûnderweis nei it plak fan de brân. De brân wurdt bestriden troch de brânwachtkorpsen fan It Hearrenfean, Tsjalbert, Jobbegea, De Jouwer en Snits. Neffens de plysje is de reek skealik foar omstanners.

De plysje ropt omwenjenden op om ruten en doarren ticht te hâlden. De minsken krije ek it driuwende advys om ôfstân ta de brân en reek te bewarjen. Foarsafier de brânwacht wyt, binne der gjin minsken oanwêzich yn it brânende hûs. Yn de rin fan de middei sloech de brân oer nei it hûs fan de buorlju. Omdat it om in twa-ûnder-ien-kap konstruksje giet, wie dat gjin ferrassing. Yn it gebou út 1900 sit ek apparteminteferhier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)