Grutte brân yn Ingwierrum

06 mrt 2013 - 10:58
  • Brân Ingwierrum
  • Brân Ingwierrum

In grut part fan in pleats yn Ingwierrum is woansdeitemoarn ôfbaarnd. Oan de Tempelsteed stie de skuorre fan in kop-hals-romppleats yn 'e brân. De pleats hie in reidtek en waard brûkt troch in bouboer. De skuorre is folslein ferlern gien, it wendiel koe foar in grut part behâlden wurde troch geunstige wyn. Korpsen út Eanjum, Dokkum en Burgum wienen oproppen om it fjoer te bestriden. Net ien rekke ferwûne. It ferkear op de provinsjale dyk by Ingwierrum is omlaat. It fjoer is ûntstien troch in probleem mei in sintrale houtkachel yn de skuorre.

Dy nije kachel wie in wike as seis lyn yn gebrûk nommen, om de hiele pleats te ferwaarmjen. De brân ûntstie om healwei alven. Yn de koarste kearen stie de hiele skuorre fan de kop-hals-romp-pleats yn de brân. De helte fan de poatjirappels fan it biologyske lânboubedriuw is ferlern gongen, krekt as sipelsied dat yn de skuorre lei. By de brân is wat asbest frijkommen, mar dat is net yn it doarp bedarre, omdat de wyn de oare kant út stie. De foarein fan de pleats waard krekt ferboud, dêrom wenne de hûshâlding mei trije bern yn it middenstik. Foar de kommende tiid wurdt ferfangende wenromte socht. De flammen kamen metersheech it dak út en der wie in soad reek.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)