Grutte brân yn ierappelloads by Sint-Anne

08 mrt 2015 - 10:43

By Sint-Anne is sneintemoarn in grutte brân útbrutsen yn in loads mei poatierappels en woartels oan de Schuringawei. De swarte reekwolken wienen yn de fiere omkriten te sjen. De brânwacht wie der mei grut materieel hinne. De brânwacht fan Harns is ynset om mei in grut wettertransport te blussen. Mooglik is de brân ûntstien yn in technyske romte yn de loads.

De brânwacht koe oerslach nei de twadde loads foarkomme. Ek de pleats is behâlden. Dat hat ek te krijen mei in geunstige wynrjochting. Om 12.45 oere wie it sein 'brand meester'.

Net ien rekke ferwûne. It neiblussen duorret noch wol in skoft. De Alde Biltdyk is ôfsletten fanwege de reek. De brânwacht advisearret minsken út de reek te bliuwen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)