Grutte brân yn Haulerwyk

21 maaie 2010 - 12:02
  • De brân yn Haulerwyk (foto: Harm Weistra, Omrop Fryslân)
  • Foto: Jelle Krijthe

Yn Haulerwyk is freedtemoarn in tige grutte brân útbrutsen yn in bedriuwsgebou oan de Turfsteker. It giet om Bolk Constructie. Der steane mei-inoar fjouwer hallen yn de brân.

Der komt in soad reek by de brân frij, dy't yn de wide omjouwing te sjen is. De brânwachtkorpsen fan Haulerwyk, Easterwâlde, Appelskea, It Hearrenfean en Drachten binne ynskeakele om de brân te bestriden. De brân lûkt in soad publyk. De waarmte is op 100 meter ôfstân de fernimmen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)