Grutte brân yn Easternijtsjerk

27 jan 2013 - 22:17

By in brân yn Easternijtsjerk is sneintejûn in ikkerboubedriuw foar in grut part ferlern gong. De brân ûntstie om healwei sânen hinne troch noch ûnbekende oarsaak yn 'e stâl en wreide him dêrnei út nei de rest fan de pleats. De bewenner koe der op tiid útkomme en rekke net ferwûne. Trekkers en weinen dy't yn de stâl parkeard stiene giene ferlern.

By de brân is asbest frijkaam. Ut in earste ûndersyk fan de brânwacht hat bliken dien dat dat foar it grutste part op it hiem by de pleats del kaam is.

Foar it blussen fan de brân waarden korpsen út Dokkum, Ternaard en Eanjum oproppen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)