Grutte brân yn biste-opfang yn Ferwert

07 jun 2015 - 14:09
  • Brân Ferwert
  • Brân Ferwert
  • Brân Ferwert
  • Brân Ferwert

By de biste-opfang fan Norma Miedema oan De Rijp yn Ferwert binne sneintemiddei tsientallen bisten omkaam by in grutte brân. Guon bisten rekken ferwûne, in bistedokter hat nei de bisten sjoen.

Op it plak wie it dreech om wetter oan te fieren, der wienen meardere korpsen oproppen. De oarsaak fan de brân is noch net bekend. Nei sa'n oardeloere wie it fjoer ûnder kontrôle. Yn de opfang sieten sa'n 300 bisten lykas hynders, in ko en hûnen en katten. It gebou is folslein ferlern gien.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)