Grutte brân sintrum Ljouwert

18 jun 2014 - 12:27
  • Brân Ruterskertier
  • By de brân komt in soad reek frij
  • Brân Ruterskertier

Yn Ljouwert is woansdei tusken de middei in grutte brân útbrutsen yn it sintrum oan it Ruterskertier. Brânwacht en oare helptsjinsten binne manmachtich útrukt. It fjoer is ûntstien op de boppeferdjipping fan sushirestaurant Kyo.

Fanwege de reek hat de brânwacht fia in NL-alert oproppen om doarren en ruten ticht te hâlden. It Ruterskertier is ôfsletten, bussen ride om. Ek it Wilhelminaplein, de Nijstêd en de Doelesteech binne ôfset fanwege de brân. Tsjin ienen liket it fjoer ûnder kontrôle te wêzen. Der binne gjin slachtoffers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)