Grutte brân op De Lemmer

21 jun 2011 - 12:07
  • foto's: Rintje Ritsma

By in brân yn trije loadsen op wettersportpark Tacozijl op De Lemmer is tiisdei in man ferwûne rekke. Hy hie brânwûnen oan 'e earms en moast nei it sikehûs. It fjoer ûntstie om healwei tolven. Ek giene 6 boaten ferlern.

It hie slimmer kinnen, want yn de loadsen lizze winterdeis 50 oant 60 boaten opslein. Fan 'e loadsen is ek net folle oer. Meardere korpsen rukten út om de brân te blussen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)