Grutte brân oan de Stasjonswei yn Drachten

15 jun 2015 - 19:27

Oan de Stasjonswei yn Drachten is moandeitejûn brân útbrutsen boppe in pizzeria. De bewenner fan de wenning boppe it restaurant koe op 'e tiid út it gebou komme. Hy hat reek binnenkrigen en is foar kontrôle nei it sikehûs brocht. De pizzeria sels wie ticht.

De brânwacht hat opskaald nei grutte brân. Dat hat ûnder oaren te krijen mei de oanfier fan bluswetter. Nei in oere wie de brân ûnder kontrôle. De achterkant fan it gebou en ek de pizzeria hawwe flinke skea oprûn. De plysje docht ûndersyk nei de oarsaak fan de brân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)