Grutte brân by metaalhannel De Horne op It Hearrenfean

16 okt 2015 - 21:06

By metaalhandel De Horne oan de Duitslanddreef op It Hearrenfean hat freedtejûn in grutte brân west. Balen aluminium bûten op it terrein stiene yn de brân, wat in soad reek feroarsake. Om by it fjoer komme te kinnen hat de brânwacht mei in kraan de brânende aluminiumbalen út mekoar helle. Om genôch wetter by de brân te krijen is in grut wettertransport ynset.

Oan de ein fan de jûn hie de brânwacht de brân ûnder kontrôle.

Ynwenners fan Aldehaske moasten fanwege de reek doarren en ramen ticht hâlde. De reek gie ek oer de A7, wernei de helptsjinsten bestjoerders warskôgen om de fentilaasje út te setten.
 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)