Grutte brân Ljouwert is út

20 okt 2013 - 09:31

De brânwacht moat sneintemoarn sa no en dan noch yn aksje komme op De Kelders yn Ljouwert. It echte fjoer is út, mar hjir en dêr binne noch lytse brantsjes. Dy binne yn it pân dêr't de brân begûn, dêryn sitte twa winkels. Dat pân is foar it grutste diel ynstoart. Ek de neistlizzende pannen binne swier skansearre rekke. Dêrby sit ek it bertehûs fan Mata Hari, al liket dêr benammen de oanbou troffen.

De ferwachting is dat it troffen gebiet de kommende wike ôfsletten bliuwt, ek kuierders kinne der salang net lâns.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)