Grutte brân leit Dokkumer ytkafee yn de jiske

25 sep 2015 - 04:57

By in grutte brân yn it sintrum fan Dokkum is in ytkafee oan de Boterstrjitte folslein yn de jiske lein. De brân bruts om healwei twaen hinne út op de boppeferdjipping. Der rekke net ien ferwûne, wol waarden in tal omwenners evakuearre. De evakuees is ûnderdak oanbean.

De brânwacht skaalde fuort op nei grutte brân wêrnei't de korpsen fan Ternaard, Burgum en Ljouwert meiholpen om de brân te bestriden. Dêrby waard ek in grut wettertransport ynsetten. Neffens de brânwacht is der gjin asbest frijkaam, wol is der gefaar foar ynstoarting.

Tsjin fjouwer oere koe de brânwacht it sein 'brân meester' jaan. De brânwacht hie noch oeren nedich om te brân hielendal út te krijen.

It is de tredde grutte brân yn koarte tiid yn de gemeente Dongeradiel. Op 12 septimber kaam in frou om it libben by in brân oan de Hoedemakerswei. Boargemaster Marga Waanders dy't by de brân oanwêzich wie, seit dan ek bot skrokken te wêzen en mei te libjen mei de ûndernimmers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)