Grutte brân yn Kollum

05 aug 2013 - 06:27
  • Grutte brân Kollum

Keukensintrum Barkmeijer yn Kollum is yn de nacht fan snein op moandei hielendal ôfbaarnd. Doe't de brânwacht oankaam, wie der al gjin rêden mear oan. De brânwacht fan Kollum, Bûtenpost en Súdhorn wist foar te kommen dat it fjoer oersloech nei oare gebouwen. Wol rûn in wenning dy't oan de saak fêssit grutte skea op.

De oarsaak fan de grutte brân is noch net bekend. Omwenners hawwe wol in swiere eksploazje heard.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)