Grutte brân by Boalserter Sinees

20 apr 2004 - 00:00

By Sinees restaurant Orchid Garden oan de Harnzerstrjitte yn Boalsert is tiisdeitemiddei brân útbrutsen. Der wie in grutte reekûntwikkeling. De brânwacht koe net tefoaren komme dat it pân grutte skea oprûn.

De plysje hat ien frou út it restaurant helle. Oan de achterkant fan it pân is de skea it grutst. De strjitte wie ôfset en de omjouwing krige it advys de ruten ticht te hâlden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)