Grutte brân binnenstêd Ljouwert

01 jan 2007 - 04:01

In fûle brân hat Aldjiersnacht in soad skea oanbrocht oan ferskate gebouwen oan it Skavernek yn Ljouwert. De brân ûntstie by Sineesk restaurant Kota Radja. Fjouwer omlizzende gebouwen hawwe brân- en wetterskea oprûn.

De brânwacht is mânmachtich ynset. Sechstich brânwachtlju út Ljouwert, Grou, Snits, Dokkum, Smellingerlân en Menameradiel hawwe oan it wurk west. Tsien apparteminten binne ûntromme. Bewenners hawwe oar ûnderdak krige.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)