Grutte brân azc Dokkum

29 maaie 2008 - 09:51
  • De brânwacht besiket de skea te beheinen
  • De wenning is folslein útbaarnd.

Tongersdeitemoarn wie der in grutte brân yn in wente op it asylsikerssintrum yn Dokkum. De brânwacht is útriden mei twa spuitauto´s. It is net dúdlik oft der minsken yn de wente wiene op it stuit dat de brân útbruts. De brânwacht besiket foaral foar te kommen dat it fjoer oerslacht nei oare wenten.

De oarsaak fan de brân is ûndúdlik. Op it azc yn Dokkum wenje goed trijehûndert minsken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)