Grutte brân Wâlterswâld ûnder kontrôle

02 sep 2015 - 09:14
  • De útslaande brân dy't fannemoarn by Agricompost yn Walterswâld ûntsie, is feroarsake troch in nije luchtwasker
  • Der soe ûnder oaren in soad plestik yn brân stean
  • De brân is yn de omjouwing goed te sjen

10:29 By it dongferwurkings- en kompostearringsbedriuw Agricompost yn Wâlterswâld hat de brânwacht tsjin healwei alven it sein brân master jûn.

Der bruts tsjin 9 oere in grutte brân út op it terrein. Dêr wie in bulte plestik yn 'e brân flein. De brânwacht kaam mei meardere weinen, wêrûnder in grut wettertransport nei de brân ta. De brânwacht is noch wol in skoft dwaande mei neiblussen.

By de brân binne gjin ferwûnen fallen en is der gjin asbest frijkaam.

10:06 Oer de oarsaak fan de brân is noch neat bekend. Dêr docht de plysje ûndersyk nei. By de brân binne gjin ferwûnen fallen.

09:25 De gemeente Dantumadiel warskôget omwenners om ruten en doarren ticht te hâlden.

09:14 Op it bedriuw Agricompost oan de Broekloane yn Walterswâld is fan 'e moarn in grutte brân útbrutsen. De brânwacht waard om 9 oere hinne alarmearre. Doe wie de brân al útslaand. Der stie in soad plestik yn brân. De brânwacht is mei meardere weinen, wêrûnder in grut wettertransport nei de brân ta. De swarte reekwolken binne yn de omkriten goed te sjen.






Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)