Grutte botsing yn Ljouwert

08 maaie 2005 - 13:43

Op de Aldlânsdyk yn Ljouwert binne sneontemiddei seis auto's op inoar botst. Dêrby rekke ien persoan slim ferwûne. De brânwacht moast it slachtoffer út de auto seagje. De auto's binne fuortsleept.

De plysje kin noch net fertelle wat de oarsaak fan de oanridings west hat. It ferkear moat rekken hâlde mei omliedings, de dyk tusken it Drachtster plein en yndustryterrein de Himrik is ôfsluten foar ferkear.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)