"Grutte belutsenheid op byienkomsten wynmûnen"

25 nov 2014 - 07:59

'Der is mei grutte belutsenheid sprutsen by de byienkomsten oer wynmûnen yn ús provinsje'. Dat seit CDA-steatelid Teus Dorrepaal. Hy wie by twa fan de fjouwer jûnen foarsitter fan de harksitten dy't organisearre binne. In lytse hûndert ynsprekkers hawwe har op dy byienkomsten hearre litten oer de wynmûnen dy't op de Fryske boaiem komme moatte.

In mearderheid is tsjin de plannen om in grut part fan de wynmûnen yn de Iselmar del te setten. Se sjogge leaver dat de mûnen by de Ofslútdyk komme.

Neffens Dorrepaal wie der in grutte belutsenheid te fernimmen by de minsken en wiene se ek goed op de hichte fan wat der krekt spilet. Op 17 desimber nimt de provinsje in beslút oer de pleatsing fan wynmûnen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)