Grutte belangstelling op ynfojûn oer azc op It Hearrenfean

29 mrt 2016 - 22:10

In ynformaasjejûn oer de bou fan in azc op It Hearrenfean hat tiisdeitejûn likernôch twahûndert belangstellenden lutsen. It asylsikerssintrum moat komme oan de K.R. Poststrjitte. It moat op syn meast tsien jier lang ûnderdak jaan oan seishûndert minsken.

Nei in koarte taljochting troch de gemeente en it Centraal Orgaan opvang Asielzoekers koenen minsken ynformaasje krije by ferskillende diskes. Dy gienen ûnder oare oer de ynrjochting fan it terrein en oer de feiligens. Ek koenen der ideeën ynbrocht wurde oer aktiviteiten foar de bewenners.

De kommende tiid wurde de plannen fierder útwurke. Doel is dat it asylsikerssintrum yn desimber iepengiet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)