Grutte belangstelling foar Maria-prosesje yn Boalsert

17 maaie 2015 - 14:53
  • It houten byld fan Maria fan Sevenwouden
  • Foar de prosesje waard in spesjale Maria-flagge makke

Under grutte belangstelling waard snein yn Boalsert in prosesje hâlden foar Maria van Sevenwouden. Mei de prosesje waard stilstien by de wûnderbaarlike rêding fan it midsieuske houten byld 500 jier lyn. It byld hat de ôfrûne ieuwen tûzenen pylgers nei Boalsert lutsen.

It wie snein foar it earst dat der in prosesje dwers troch de stêd hâlden waard. Earder waard der allinnich yn tsjerke stilstien by it ferhaal fan it byld. No dogge sels de protestantske tsjerken mei en hinget de hiele stêd fol mei flaggen.

Yn it ferline wiene prosesjes benammen bekend út it gebiet súdlik fan de grutte rivieren. Mar biskop De Korte fan bisdom Ljouwert-Grins ferwachtet de kommende jierren faker prosesjes yn Noard-Nederlân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)