Grutte belangstelling bedriuwen

17 jul 2000 - 12:38

De iepen dei by fjirtich bedriuwen yn de gemeente Gaasterlân-Sleat luts sneon in protte besikers. Tûzenen belangstellenden namen de muoite om yn de kunde te kommen mei de ekonomyske aktiviteiten yn Súdwest-Fryslân.

De iepen dei wie in inisjatyf yn it ramt fan Simmer 2000. It wie foar it earst dat safolle ferskillende bedriuwen har mienskiplik presintearren.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)