Grutte beammekap yn stasjonsgebiet fan Ljouwert

19 mrt 2016 - 11:01
  • It stasjonsplein komt der hielendal oars út te sjen

It stasjongebiet fan Ljouwert komt der kompleet oars út te sjen en dêrfoar wurde sneon 92 beammen kapt. De beammekap is nedich foar in nij grien stasjonsgebiet, dat in parkachtige en romtlike útstrieling krije moat. Der wurde 105 nije beammen plante.

Yn it takomstige plantsoen foarmje de beammen dekôr foar de mistfontein dy't pleatst wurdt yn it ramt fan de Kulturele Haadstêd. Op de website www.vrij-baan.nl kinne minsken al sjen hoe't it stasjonsgebiet der nei de ferbouwing út komt te sjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)