Grutte bûtenfoto stellen

27 nov 2011 - 17:33

By parseburo Noordoost op It Hearrenfean is sneontenacht in foto fan 2 by 1,5 meter stellen. It giet om in opname fan kij yn de mist dy't yn 2010 in grutte ynternasjonale fotopriis wûn hat. Nei it winnen fan de IFAJ Photo Star waard de foto oan de bûtenmuorre fan it kantoar op It Fean ophongen.

Unbekenden hawwe de foto mei in skerp mes lossnien en meinaam. De eigner hat oanjefte dien by de plysje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)