Grutte ambysje wettersintrum

11 feb 2011 - 21:26
  • Direkteur Steenmeijer fan it ynstitút technyk fan de NHL

It nije wettersintrum by de NHL yn Ljouwert moat binnen fiif jier it bêste wurde fan Europa. Dy ambysje hat direkteur Steenmeijer fan it ynstitút technyk fan de NHL. Freed sette it offisjeel útein. It sintrum is in gearwurking tusken bedriuwslibben, hegeskoallen, middelber ûnderwiis en ûnder oare ek it Wetterskip Fryslân.

Yn it sintrum hâlde studinten har dwaande mei wettertechnology. Sa moatte se produkten ûntwikkelje dy't bygelyks it wetter skjinner meitsje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)