Grutte alkoholkontrôle Snits

07 aug 2007 - 10:14

De plysje hat moandeitejûn sân bekeuringen útdield by in grutte alkoholkontrôle by Snits.

Dêrby wie ekstra omtinken foar it ferkear dat fan de camping yn Offenwier kaam. Yn totaal binne der hast tûzen auto's, motors en brommerriders kontroleard. Fjouwer bestjoerders hiene te folle op. Twa bestjoerders riden te hurd en ientsje gie troch it reade ljocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)