Grutte alkoholkontrôle

06 sep 2008 - 13:04

De plysje hat ôfrûne nacht op ferskate plakken yn de provinsje alkoholkontrôles holden. Yn de gemeenten Smellingerlân en Opsterlân wie in grutte kontrôle wêrby't goed 900 automobilisten in blaastest dwaan moasten.

Yn totaal krigen trettjin bestjoerders in proses-ferbaal en in rydferbod. Yn twa gefallen wie der safolle dronken dat it rydbewiis ynnaam waard.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)