Grutte aksje tsjin berneporno

14 okt 2013 - 11:08

By de lanlike aksje tsjin it besit fan berneporno hawwe plysje en it Iepenbier Ministearje ferline wike rûnom yn Nederlân ynfallen dien. Yn Noard-Nederlân binne 6 wenningen trochsocht. Dêrby is berneporno fûn en yn beslach naam. Yn hiel Nederlân binne 144 ynfallen dien.

Om't der noch gjin fertochten oanhâlden binne, kin de plysje noch net fertelle oft en wêr't de ynfallen yn Fryslân dien binne. Yn totaal wurkje 139 resjersjeurs en spesjalisten oan de saak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)