Grutte agraryske rampoefening

25 jan 2010 - 15:28

De Fryske helptsjinsten hâlde tiisdei yn Grou in grutte oefening mei agraryske ûngelokken. It komt yn Fryslân geregeld foar dat ûngelokken barre mei swiere lânboumasines op agraryske bedriuwen.

Neffens de dielnimmende partijen oan de oefening is it foar it earst dat yn Nederlân op dizze wize in oefening hâlden wurdt. Der wurdt oefene op twa lokaasjes yn Grou. Ambulânsesoarch Fryslân, de meldkeamer, en ek de brânwacht binne fan de partij.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)