Grutte 112-dei op De Westereen

05 sep 2015 - 14:06

In tal helpferlieningsorganisaasjes organisearret sneon op De Westereen in 112-dei. Plysje, amulânse, brânwacht en definsje presintearje harren by de brânwachtkazerne yn it doarp. De dei wurdt op De Westereen organisearre fanwege de nije brânwachtkazerne dy't oardel jier lyn yn gebrûk nommen waard. Neffens de brânwacht is de iepening fan it gebou wat ûndersnijd en hie wol wat mear omtinken hawwe mochten. Mei dizze dei wolle se dat goedmeitsje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)