Grutste skipkasko yn Makkum

13 jul 2007 - 17:51
  • De Vries sil it grutste skip oait ôfbouwe

Yn Makkum is freed it kasko fan in grut lukse jacht oankaam by skipswerf De Vries, it eardere Amels. It skip is makke yn in festiging fan De Vries yn Noard-Hollân en is 75 meter lang. It is unyk dat sa'n skip yn Nederlân makke is. Twa slepers hellen it skip it dok yn.

De jachtbouwer hat noch noait earder sa'n grut skip ôfboud. De eigner en de kosten binne net bekend. It skip moat ein 2008 klear wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)