Grutste skip net nei Harns

05 des 2007 - 06:50

De komst fan it grutste skip yn de haven fan Harns giet foarearst net troch. Sûnt moandei lei it skip op de Noardsee te wachtsjen om de haven ynsleept wurde te kinnen. De wyn is lykwols hieltyd te hurd foar dy klus.

Ek de kommende dagen giet de wyn net lizzen. Langer wachtsje kostet tefolle jild. Dêrom is besletten it skip de Dual Confidence nei Amsterdam te farren en dêr mei sâlt te laden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)