Grutste oerwinning foar Boys

30 nov 2011 - 09:56
  • Harkemase Boys

Harkemase Boys hat tiisdeitejûn de grutste thúsoerwinning fan it seizoen helle. Se wûnen mei 12-0 fan Neptunia. Mei dizze oerwinning hat de klup de lêste 32 fan de noardlike bekerkompetysje berikt. Twa wike lyn waard in oefenwedstriid mei 13-1 wûn. De earste 10 minuten koe Neptunia de goal noch tsjinhâlde, mar dêrnei wie it priissjitten, mei rêst stie it 8-0. Yn de twadde helte skoarden de Harkiten noch fjouwer kear.

Yn de kompetysje hat Harkemase Boys gâns mear muoite mei it meitsjen fan goals en it heljen fan punten. Kommende sneon stiet der wer in kompetysjeduel op it programma, dan is Capelle de tsjinstanner op sportpark De Bosk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)