Grutste Nederlânske hynsterace yn Wolvegea

17 okt 2015 - 11:41

De grutste hynsterace yn Nederlân is snein op it Victoriapark yn Wolvegea. It giet om it Europeesk kampioenskip foar fjouwerjierrige hurddravers. Foar it earst yn de skiednis sit der mar leafst 350.000 euro yn de prizepot fan de koers mei de namme Grand Prix de L'Uet.

It Europeesk kampioenskip foar de hynders wurdt alle jierren op in oare baan hâlden. Der steane fral pikeurs út Frankryk en Sweden oan de start. Foar it Victoriapark yn Wolvegea is de Europeeske topkoers it hichtepunt yn it fiifjierrich bestean.

Oan de Grand Prix dogge 12 fan de bêste hynders út Europa mei. Baanmanager Ralf Dekker ferwachtet sa'n 5.000 taskôgers. De Grand Prix de L'Uet is streekrjocht te folgjen op www.omroplive.nl. Us Derek komt ek yn aksje op ien fan de oare ûnderdielen op snein. De live útstjoering start om 15.30 oere mei oare koersen, om 18:35 begjint de Grand Prix.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)