"Grutste klap reorganisaasje Belestingtsjinst yn it Noarden"

20 maaie 2015 - 12:01

De grutste klappen fan de reorganisaasje binnen de belestingtsjinst falle yn it Noarden. Dat seit it fakbûn FNV. It giet by de reorganisaasje benammen om leger betelle banen en dy binne foaral bûten de Rânestêd en benammen yn it Noarden.

By de nije reorganisaasjeronde ferlieze sa'n 5000 fan de 28.000 meiwurkers harren baan. Der wurkje sa'n 1500 minsken by de belestingtsjinst yn it Noarden, wêrfan sa'n 700 yn it kantoar oan de Tesselschadestrjitte yn Ljouwert. It FNV seit dat se de garânsje krigen hawwe dat der gjin twongen ûntslaggen falle.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)