Grutste himpkwekerij ea oprôle

05 mrt 2002 - 00:00

De plysje hat yn Hantumerútbuorren (tusken Dokkum en Ternaard) ien fan de grutste himpkwekerijen ea yn Fryslân oprôle. Yn in âlde lisboksestâl waarden tusken de 8000 en 10.000 himpplanten fûn.

De plysje kaam de kwekerij op it spoar troch in aksjedei, doe't tips oer himpkwekerijen neilutsen waarden. Der waarden tiisdei acht adressen kontrolearre.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)