Grutste flaggemêst fuorthelle

27 sep 2014 - 16:58
  • De grutste flaggemêst fan Nederlân is fuorthelle

De grutste flaggemêst fan Nederlân is fan 'e moarn fuorthelle en ôffierd. De mêst stie sûnt 2000 yn Burgum by de brêge oer it Prinses Margrietkanaal. De mêst is doe pleatst ta oantinken fan it milennium. De mêst moat wike foar de oanlis fan de nije brêge yn de rûte fan de Sintrale As.

Op inisjatyf fan Burgum wurdt de mêst no earst opslein, mar as alle wurk oan de Sintrale As klear is, sil besjoen wurdt wêr't de flaggemêst in nij plakje krije kin.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)