Grutskalige ynternetoplichting

16 apr 2014 - 09:05
  • Marktplaats

De plysje fertinkt in frou fan 26 út Ljouwert fan oplichting fia ynternet. De frou soe mei in man út Utrecht op websides as Marktplaats.nl en Speurders.nl guod te keap oanbean hawwe. Neidat keapers dêr foar betelle hienen, waard it guod lykwols net levere.

Oant no ta hawwe 19 minsken oanjefte dien, mar neffens de plysje binne goed 118 minsken dupearre. Dat wie foar in bedrach fan 14.000 euro. Dat jild kaam binnen op de bankrekken fan de frou út Ljouwert.

Tsjin har is proses-ferbaal opmakke. It Iepenbier Ministearje beslút letter oft se ferfolge wurdt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)