Grutskalige oanpak fan nasjonaal park De Alde Feanen

28 nov 2014 - 09:33

Nasjonaal Park De Alde Feanen wurdt de kommende jierren flink oanpakt. Mei in Europeeske subsydzje fan goed 3 miljoen euro moat ûnder oare de wetterkwaliteit ferbettere wurde. It projekt kriget de namme Booming Business. Der wurdt bygelyks bagger fuorthelle, om derfoar te soargjen dat wetterplanten en reid wer better groeie kinne.

De wurksumheden begjinne yn jannewaris en moatte yn 2019 klear wêze. Under oare de provinsje, Wetterskip Fryslân en It Fryske Gea wurkje hjirby gear.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)