'Grutskalige lânbou Dongeradiel'

11 sep 2004 - 14:41

Yn de gemeente Dongeradiel moat mear rûmte makke wurde foar grutskalige lânbou. Oare parten fan de provinsje moatte it dan dwaan mei lytsere boerebedriuwen. Dat fine de steateleden en de wethâlders fan de ChristenUnie/SGP yn Fryslân.

De partij makket him soargen oer de takomst fan de lânbou yn ús provinsje. Benammen om't sifers sjen litte dat elke dei trije boeren har bedriuw beëinigje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)